Home
-
Yn 2012 is de gemeentegids fan Littenseradiel foar’t lêst op papier útkommen. Wy hawwe no allinnich noch de digitale ferzje. De digitale gemeentegids is, lyk as de papieren gids, in samling fan adressen fan ferienings, stiftings, sûnenssoarch en toeristyske ynformaasje út de gemeente Littenseradiel. Jo fine de gemeentegids fia www.littenseradiel.nl/gemeentegids.
mear lêze -
Yn in protte húshâldings is it moarns op dagen troch de wike ‘moarnsspitsoere’: fan ’t bêd ôf komme, waskje, oanklaaie, ite en op ‘e tiid ta de doar út. Wylst elkenien krekt dán meiwurkje moat, binne der bern dy’t omklieme, alles stadichoan dogge, fan alles ferjitte of in protte oandacht freegje. Hjirûnder in stikmannich tips foar de moarnsspits.
mear lêze -
It is wichtich om jo ôftanke tekstyl apart yn te leverjen, sadat it safolle mooglik wer op ’e nij brûkt wurde kin. Goai it dus net by it restôffal yn jo grize kontener. Yn Easterein, Mantgum, Winsum en Wommels binne sûnt koart nije tekstylkonteners.
mear lêze -
It offisjele bûtendoarswimseizoen rint fan 1 maaie oant 1 oktober en is dizze wike iepene troch deputearre Schokker mei basisskoallelearlingen by it Wiid yn Earnewâld. Yn it bûtendoarswimseizoen wurdt de wetterkwaliteit fan offisjele swimplakken alle twa wiken kontrolearre en oanjûn op in boerd.
mear lêze -
It gemeentehûs is ticht op freed 7 juny 2013 yn ferbân mei it jierlikse personielsreiske. Hâld hjir rekkenskip mei by bygelyks it oanfreegjen fan in rydbewiis of reisdokumint. Jo kinne, wannear't jo oerlêst ûnderfine of in gefaarlike sitewaasje op of oan gemeentlike eigendommen, skilje mei tillefoannûmer 06-51161355.
mear lêze -
Yn de perioade fan 3 juny oant en mei 7 juny stiet der in militêre oefening fan de lânmacht pland yn de noardlike provinsjes. De oefening sil plak fine yn de stripe Harns, Grins, Hoogeveen, Emmeloord. It giet om alve ynfanterybataljons fan de Delta Compagnie. Der sille 50 militêren oan mei dwaan, 26 stiks reau en fjouwer helikopters.
mear lêze -
Yn doarpshûs 'It Nije Formidden' yn Ysbrechtum wie tongersdei 16 maaie it earste yn ‘e kunde kommen mei de ekspertteams transysje "Algemene Wet Bijzondere Ziektekosten" nei de Wet maatschappelijke Ondersteuning foar de gemeenten Littenseradiel, De Friese Meren en Súdwest-Fryslân. Dizze teams besteane út eksperts út it wurkfjild. Goed 80 fertsjintwurdigers fanút ferskate soarchynstellings en de Wmo-advysrieden wienen hjirby oanwêzich.
mear lêze -
Om de mannichte klachten oer de hege faasje en it minne ûnderhâld fan de rydbaan oan te pakken, wurdt de doarpsyntree/krusing Van Eysingaleane-Populiereleane yn Easterein op’e nij ynrjochte.
mear lêze -
Wy sykje foar ús organisaasje in Adjunkt-direkteur (f/m) foar 32 oeren yn 'e wike. Underoan dizze side fine jo in ferwizing nei de folsleine beskriuwing fan de fakatuere. Jo kinne reagearje oant 2 juny 2013.
mear lêze -
De folgjende riedsgearkomste is op moandei 27 maaie om 19.30 oere yn de riedsseal fan it gemeentehûs yn Wommels. De punten dy’t op 6 maaie yn it rûntepetear bepraat binne, sa as ûnder oaren Swimbad De Klomp út Wommels en de Maitiidsnota, steane op de wurklist foar de mieningsfoarmjende en beslútfoarmjende riedsgearkomste.
mear lêze