Wat is in bestimmingsplan?

In bestimmingsplan beskriuwt wat der mei de romte yn de gemeente barre mei. Yn it bûtengebiet hawwe perselen meastentiids in agraryske bestimming. Yn in bestimmingsplan kin bygelyks oanjûn wêze oft der yn in gebiet in sportkompleks as in camping komme mei. Der stiet ek yn wêr’t wenne wurde mei en wêr’t winkels, hoareka en bedriuwen komme meie.

It bestimmingsplan is binend

Dit jildt foar sawol boargers en bedriuwen, as foar de gemeente sels. Yn de bestimmingsplannen steane net allinne regels oer it grûngebrûk, mar bygelyks ek oer maksimale hichte en breedte fan bouwurken. Yn prinsipe moat in bestimmingsplan nei tsien jier op’e nij aktualisearre wurde. As in bouplan net yn in bestimmingsplan past, dan kin de gemeente ûnder guon betingsten frijstelling ferliene.

Trije ûnderdielen

Een bestimmingsplan bestiet út trije dielen:

  1. In taljochting. Hjiryn binne de skaaimerken fan in wyk fêstlein. Ek makket de gemeente yn de taljochting dúdlik wat har bedoelings binne mei it gebiet of de omkriten.
  2. In plankaart. Dit is in soarte fan lânkaart fan it gebiet wêroer it bestimmingsplan giet.
  3. De foarskriften. Hjir stiet yn hokker bebouwing der komme mei. Dêrneist lizze de foarskriften fêst hoe’t der boud wurde mei. Sa wurdt bygelyks de minimale ôfstan nei de iepenbiere dyk en maksimale hichte of breedte fan bouwwurken neamd.

Mear ynformaasje

Jo kinne alle bestimmingsplannen ynsjen op it gemeentehûs. It is oan te rieden om hjirfoar in ôfspraak te meitsjen mei de hear S. Herrema. Dit kin tillefoanysk fia (0515) 334476 of fia e-mail s.herrema@littenseradiel.nl.

Snel Naar