Formuliereloket
Oerheidsynstellings binne ferplichte om yn it ramt fan de Richtlijnen Digitale Dienstverlening hieltyd mear produkten digitaal oan te bieden. Dit hâldt foar jo as boarger yn, dat jo hieltyd mear saken regelje kinne fanút jo luie stoel. Jo kinne no al in tal fan produkten digitaal oanfreegje en it beteljen dêrfan feilich en maklik online regelje.
Om gebrûk meitsje te kinnen fan boppeneamde digitale tsjinsten, moatte jo beskikke oer in DigiD (digitale ynlochkoade). Hjirûnder fine jo mear ynformaasje oer DigiD.
Fia Myn Loket / Bedriuweloket kinne jo de ôfhanneling fan jo bestelling folgje. Mear ynformaasje dêroer fine jo hjirûnder.