Utlis Myn Loket / Bedriuweloket

Yn Myn Loket/Bedriuweloket kinne jo jo persoanlike ynformaasje ynsjen en byhâlde én jo kinne de fuortgong fan de oanfrege produkten folgje. Myn Loket/Bedriuweloket is in ûnderdiel fan dizze webside, mar wurket op in pear punten oars.

Navigearje

Jo navigearje yn de Myn Loket / Bedriuweloket fia it menu yn de lofterkolom.

De ‘Terug”- funksje

  • Mei de ‘Terug’- link yn it loftermenu komme jo werom nei it Wolkomstskerm fan Myn Loket/Bedriuweloket.
  • Mei de griene ‘Terug’-knop rjochtsboppe geane jo werom nei de foarige side.
  • De ‘Terug’-knop yn it ‘browsermenu’ kinne jo better net brûke.

Menu-opsjes

Persoanlike gegevens

Fia de menuopsje ‘Persoonlijke gegevens’ kinne jo jo eigen gegevens ynsjen.

Jo formulieren

Fia de menuopsje ‘Uw aanvragen’ krije jo ynsjoch yn alle formulieren dy’t jo ynfold hawwe en dy’t fia in beskaat kommunikaasjekanaal (post, e-mail, ynternet) by de gemeente oanlevere binne. By alle formulieren stiet oanjûn fia hokker kommunikaasjekanaal dit formulier oanmakke is. As jo dat wolle, kinne jo de formulieren ek útprintsje.

Dossierstikken

Mei de menuopsje ‘Dossierstikken’ krije jo ynsjoch yn alle stikken dy’t fan en nei de gemeente ferstjoerd binne. Hjirby sjogge jo gronologysk hokker ôfspraken oer en wer makke binne. Tagelyk kinne der ek oare relevante dokuminten as bylagen taheakke wurde (bygelyks boutekenings by in boufergunningoanfraach, fergunnings, beskikkings).

Formulier ynfolje

Op dizze webside kinne jo ferskate gemeentlike produkten oanfreegje fia in digitaal formulier. De formulieren binne foarsjoen fan dúdlike fragen en helpteksten. In oantal wichtige punten by it ynfoljen binne:

Tuskentiids opslaan

Alle formulieren binne yn in tal fragenblokken ferdield. Wannear't jo in formulier ynfolje, wurdt dizze tuskentiids opslein op it stuit dat jo in frageblok ôfslute (troch te klikken op de knop  ‘Volgende’).

Ofdrukke

Mei de knop ‘Afdrukken’ rjochtsboppe kinne jo in formulier ôfdrukke, ek as jo it formulier noch net hielendal ynfold hawwe.

Betelje

Foar guon produkten moatte jo kosten (leezjes) betelje. Yn dat gefal komme jo nei it ynfoljen fan it oanfraachformulier yn in skerm terjochte wêryn't jo de betelling fia ‘iDeal’ regelje kinne.

Time out

Wannear’t jo nei it ynloggen in lang skoft de webside net brûke, dan ferrint jo DigiD-ynlochsessy. Jo moatte jo dan wer op'e nij oanmelde.

Help

Hawwe jo help nedich by it ynfoljen fan in formulier, dan kinne jo kontakt opnimme mei de gemeente Littenseradiel, tillefoan (0515) 334444.

Gean nei Myn loket/Bedriuweloket

Snel Naar