Legitimaasje

Elkenien yn Nederlân fan 14 jier en âlder moat in jildich identiteitsbewiis sjen litte kinne as de plysje of oare tafersjochhâlders dêr om freegje. De identifikaasjeplicht is in middel om fraude en kriminaliteit te bestriden. Om jo te identifisearjen hawwe jo in identiteitsbewiis (ID-bewiis) nedich.

Identiteitsbewizen dy't tastien binne

  • it paspoart;
  • de Nederlânske identiteitskaart; en
  • it Nederlânske rydbewiis (net yn alle sitewaasjes).

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer dit ûnderwerp fine jo op de webside fan de Rijksoverheid.

Nederlânske tekst

Nederlânske tekst 'Legitimaasje'.