Trouwe of registrearre partnerskip op lokaasje nei kar

Jo meie yn de hiele gemeente trouwe of in registrearre partnerskip oangean. De troulokaasje moat lykwols wol oan in tal fan betingsten foldwaan.

Betingsten

In fersyk foar in houlik of registrearre partnerskip op in lokaasje nei kar, moat skriftlik en uterlik twa moanne foar it foltrekken fan it houlik/registrearre partnerskip yntsjinne wurde by by it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De oare betingsten fine jo yn de troufolder (hjirûnder del ta laden as pdf-bestân). 

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Boargersaken, tillefoan (0515) 334464.

Nederlânske tekst

Nederlânske tekst 'Troulokaasje nei kar'.