Duorsum Littenseradiel

  • Aktueel nijs

    Hjirûnder fine jo ferwizings nei nijsberjochten oer duorsumens.

    mear lêze
  • Duorsumensliening

    As eigner fan in keapwenning tinke jo fêst wolris: kin myn wenlêsten net wat leger? Ja, dat kin. Troch jo hûs enerzjysuniger te meitsjen. Enerzjybesparjende maatregels yn en oan jo hûs ferleegje jo enerzjyrekken en dêrmei jo wenlêsten. Ek wurdt jo hûs komfortabeler. De gemeente Littenseradiel ferstrekt fia Stimuleringsfonds Volkshuisvesting (SVn) de Duurzaamheidlening. As wenningeigner kinne jo goedkeap jild liene om jo wenning écht enerzjysunich te meitsjen.

    mear lêze
  • Elektrysk autoride

    Elektrysk ride is skjinner en suniger as ride op benzine of diesel. It kabinet stimulearret elektrysk riden troch elektryske en semi-elektryske auto’s frij te stellen fan fiskale bytelling. Ek bliuwe auto’s op stroom frijsteld fan motorfoertugebelesting en BPM. Yn 2025 moatte der 1 miljoen elektryske auto’s yn Nederlân rûnride.

    mear lêze
  • Enerzjyloket

    Altyd al witte wollen hokker maatregels jo allegearre treffe kinne om jo wenning te ferduorsumjen? It 'Enerzjyloket' kin jo ûnôfhinklik ynformearje en advisearje oer wat jo allegearre oan jo wenning ferbetterje kinne om alle jierren in protte jild en enerzjy te besparjen. Dit kin gean om in enerzjybesparring, ferbettering fan jo enerzjylabel, komfort en luchtkwaliteit yn hûs. Besjoch hokker maatregels jo allegearre treffe kinne en hokker lokale sertifisearre bedriuwen der by jo yn de buert binne. Jo fine it fia www.duurzaambouwloket.nl/gemeente-littenseradiel.nl.

    mear lêze
  • Koploperproject Kans

    Koploperproject Kans is konkreet, praktysk en der op rjochte ûndernimmers te stypjen by it setten fan stappen op it gebiet fan duorsumheid en Maatschappelijk Verantwoord Ondernemen (MVO). Koploperproject Kans rjochtet him op lokale zzp'ers, winkelminsken en lytse mkb-bedriuwen.

    mear lêze
  • Offal-ynsammeling

    De wize fan it opheljen fan húshâldlik smoargens is fêstlein yn de  Afvalstoffenverordening gemeente Littenseradiel. Hjiryn is regele wa’t ôffal oanbiede mei, wat der oanbean wurde mei, wa’t it ôffal ynsammelet en ûnder hokker kondysjes dizze ynsammeling plakfynt. 

    mear lêze
  • Zonnekaart

    Sinneljocht as ûnútputlike en miljeufreonlike boarne fan enerzjy sprekt in soad minsken oan. Mar hoe witte jo oft jo hûs geskikt is foar sinnepanielen? Dat ûntdekke jo rap mei de online ‘Zonnekaart’.

    mear lêze