Loket Wurk en Ynkommen
-
Gemeenteloket Boalsert
Adres
Kerkstraat 1, 8701 HP Boalsert.
Iepeningstiden
Fan moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 16.00 oere, útsein op freedtemiddei en op moandeitejûn fan 18.00 oant 20.00 oere.
-
Gemeenteloket Snits
Adres
Marktstraat 15, 8601 CR Sneek.
Iepeningstiden
Fan moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 16.00 oere, útsein op freedtemiddei en op tongersdeitejûn fan 18.00 oant 20.00 oere.
-
Gemeenteloket SWF
-
Gemeenteloket Woarkum
Adres
Merk 1, 8711 CL, Woarkum.
Iepeningstiden
Fan moandei oant en mei freed fan 9.00 oant 16.00 oere, útsein op freedtemiddei en op tiisdeitejûn fan 18.00 oant 20.00 oere.
-
Gemeenteloket Wurk en Ynkommen
-
Kliïnteried Wet, Wurk en Bystân
De kliïnteried helpt kliïnten mei fragen en klachten en ynformaasje oer de Wet Werk en Bijstand (WWB), de minimaregelingen, ensafuorthinne. De kliïnteried is in ûnôfhinklike ried mei útkearingsrjochtigden fan de gemeenten Littenseradiel en Súdwest-Fryslân. De kliïnteried behertigt de belangen fan de kliïnten fan dizze gemeenten en jout frege en net-frege advys.
-
Nijsbrieven Wurk, Ynkommen en Soarch
De ynformaasjebrieven oer Wurk, Ynkommen en Soarch wurde ferstjoerd oan sa'n 7300 kliïnten. De ynformaasjebrief ferskynt fjouwer kear yn it jier. Jo fine de ferskynde nijsbrieven hjirûnder as pdf-bestannen. De brieven binne allinne beskikber yn it Hollânsk.
-
Skuldhelpferliening
Kredietbank Nederland helpt partikulieren by it foarkommen fan skulden, it fuortwurkjen fan skulden mar benammen it bieden fan in sûne finansjele takomst. Kredietbank Nederland wurket gear mei ûnder oaren gemeenten, wurkjouwers en oare ynstânsjes, skuldeaskers en ferwizers om mienskiplik ta passende, duorsume oplossings te kommen. Wichtige spearpunten yn it proses binne previnsje en maksimale ôflossing.