Dei fan de mantelsoarch

Yn Nederlân binne der sa'n 4 miljoen minsken dy't foar immen soargje. Mar leafst 750.000 mantelsoargers soargje sels mear as acht oeren yn 'e wike foar immen, en dat wol gauris jierrenlang. De measte mantelsoargers dogge dit neist harren gewoane wurk.

10 novimber; dei fan de mantelsoarch

Om 't de soarch meastentiids bedoeld is foar in bekende, fine de measte mantelsoargers harren wurk hiel fanselssprekkend. Dochs is mantelsoarch hielendal net sa gewoan. Dêrom is der alle jierren op 10 novimber, op de Dei fan de Mantelsoarch, lanlik ekstra omtinken foar mantelsoargers.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Dei fan de mantelsoarch'