Gebietstiim Littenseradiel

De gemeente Littenseradiel hat in eigen gebietstiim. It gebietstiim helpt jo mei jo fragen oer:

  • mantelsoarch: belestberens en stipe
  • relaasjes: iensumens of problemen mei partner, âlders, bern
  • jild: net genôch ynkommen, problemen mei de útkearing, skulden
  • opfoeden: fragen en problemen oer opfoeden en opgroeien
  • wenjen: oanpassen wenning, help by hiertaslach, gjin ûnderdak hawwe
  • wurk: problemen op it wurk, wurkleazens, arbeidsûngeskiktheid, deibesteging
  • ûnderwiis: problemen op skoalle, peste, faaleangst, passend ûnderwiis
  • ferwurking: rou, echtskieding, opname yn fersoargingshûs, help yn it húshâlden, beheinings
  • ferslaving; ynternet, alkohol, drugs, gokke, game
  • ferfier: ferfier fan en nei de deibesteging

Yn de measte gefallen komt de meiwurker by jo thús om yn te skatten hokker soarch en stipe nedich is. Jo kinne ek lânskomme op it kantoar fan it gebietstiim. Meitsje dan wol in ôfspraak. Advys en help fan it gebietstiim is fergees.

Kontakt?

It gebietstiim fan de gemeente Littenseradiel is berikber fia tillefoannûmer 140515, oer de e-mail fia gebiedsteamlittenseradiel@littenseradiel.nl, of mei it digitale kontaktformulier op de webside fan Súdwest-Fryslân.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Gebietstiim Littenseradiel'.