Himmelsjek: Ekstra help yn de húshâlding foar 5 euro yn ’t oere

Ynwenners fan Littenseradiel dy't mear help yn de húshâlding nedich hawwe dan't se fia de Wmo (Wet maatschappelijke ondersteuning) krije, kinne gebrûk meitsje fan de saneamde Himmelsjek.

Hoe wurket it?

In Himmelsjek kostet fiif euro. Jo kinne de Himmelsjek ynruilje foar ien oere húshâldlike help, bygelyks foar:

  • Skjinmeitsjen
  • Opromjen
  • Iten siede
  • Waskje en striken
  • Boadskippen dwaan

Hawwe jo al húshâldlike help fia de gemeente?

As jo al húshâldlike help hawwe fia de gemeente, dan bliuwt dit gewoan bestean. Wol kinne jo hjirneist noch Himmelsjeks foar húshâldlike help keapje. Dizze kinne jo dan bygelyks ynsette foar in grutte poetsbeurt fan jo hûs.

Foar wa?

  • Alle folwoeksenen yn Littenseradiel en Súdwest-Fryslân mei in yndividuele Wmo-foarsjenning.
  • Alle folwoeksenen yn Littenseradiel en Súdwest-Fryslân dy’t in keukentafelpetear hân hawwe en net yn oanmerking komme foar help by it hûshâlden (Wmo).
  • De fêste mantelsoargers fan minsken mei in Wmo-foarsjenning. Mantelsoargers kinne derfoar kieze om de Himmelsjek yn te setten yn it hûs fan dyjinge foar wa't se soargje of yn de eigen húshâlding. De mantelsoarger moat dan wol yn de gemeente Littenseradiel of Súdwest-Fryslân wenje.

By wa kinne jo de Himmelsjek ynleverje?

Dit kin by organisaasjes dy’t in kontrakt mei de gemeenten hawwe om húshâldlike help yn de foarm fan soarch yn natura te leverjen. Dit binne:

  1. Thuiszorg Zuidwest Friesland
  2. Leppehiem
  3. Hof en Hiem
  4. Thuiszorg Slippens
  5. Zorggroep Tellens
  6. Zorggroep Plantein
  7. Zorgkompas BV
  8. Thuiszorg de Friese Wouden
  9. Steffies Particuliere Zorg
  10. Aardema Thuiszorg
  11. Thuiszorg het Friese Land

Oanfreegje

Jo kinne de Himmelsjek oanfreegje by de gemeente Súdwest-Fryslân. Stjoer hjirfoar in e-mail mei jo fraach en jo namme, postkoade en hûsnûmer nei himmelsjek@súdwestfryslan.nl.

Fragen?

Hawwe jo fragen oer de Himmelsjek? Nim dan kontakt op mei jo gebietsteam. Dit kin:

  • troch it kontaktformulier op www.sudwestfryslan.nl yn te foljen;
  • troch in e-mail mei jo fraach en jo namme, postkoade en hûsnumer te stjoeren nei info@sudwestfryslan.nl;
  • troch tillefoannûmer 14 0515 te skiljen. Dit is it algemiene nûmer fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Himmelsjek: Ekstra help yn de húshâlding foar 5 euro yn ’t oere'.