Wat is mantelsoarch?

Mantelsoargers soargje foar in oar dy't it sûnder dizze help net rêdt. Dit kin in partner, âlder of bern wêze, mar ek in oar famyljelid, freon, kunde, of buorlju. Mantelsoargers wurde net betelle. Dochs is harren soarch fan grutte wearde,

Stipe troch gemeente

Mantelsoargers dogge harren goede wurk meastentiids neist harren gewoane baan. Sy hawwe in grut, leafdefol plichtsbesef en ferantwurdlikheidsgefoel, somtiden ta koste fan de eigen sûnens. Oerbelesting komt foar, ek al trochdat mantelsoarch meastentiids (langer as trije moanne) en yntinsyf is (mear as acht oeren yn 'e wike). Der wurdt hieltyd mear in berop dien mantelsoargers. De gemeente wol mantelsoargers dêrby safolle as mooglik stypje. Bygelyks troch harren goed ynformaasje te jaan. Mar ek om foar te kommen dat in mantelsoarger oerbelest rekket. De gemeente fynt it wichtich om te witten wa't de mantelsoarger binne. De kontaktpersoanen en doarpsbelangen hawwe mantelsoargers goed yn byld. Ek de minsken fan it gebietstiim spylje dêrby in wichtige rol. Sy nûgje mantelsoargers út om oanwêzich te wêzen by de petearen mei kliïnten thús, de saneamde keukentafelpetearen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Wat is mantelsoarch'