Wat is respytsoarch?

Mantelsoargers soargje somtiden 24 oeren deis foar harren neiste, en sat sels jierrenlang. Om dat folhâlde te kinnen, is it wichtich dat mantelsoargers sa no en dan efkes frij nimme kinne. Mar dat is allinne mooglik as mantelsoargers de soarch op in goede wize oerdrage kinne. Dit tydlik oerdragen fan de soarch oan in oar wurdt respytsoarch neamd. It is in wichtich middel om oerbelesting foar te kommen.

Foarmen fan respytsoarch

Der binne in protte foarmen fan respytsoarch. It kin gean om opfang bûtenshûs, sa as deiopfang of ferbliuw yn in útfanhuzershûs. As de soarchfreger graach yn syn/har eigen hûs bliuwe wol, kin der ek immen by him of har thús komme. De respytsoarch kin útfierd wurde troch in frijwilliger, mar ek troch in beropskrêft. Respytsoarch kin foar ien kear wêze, bygelyks yn in fakânsje. Mar respytsoarch kin ek faker, bygelyks in moarn, middei of jûn yn 'e wike of in wykein yn de moanne.

Mei-inoar op fakânsje

It kin ek gean om in fakânsje fan de mantelsoarger en de soarchfreger mei-inoar. De soarch kin dan op it fakânsjeadres oernaam wurde troch in profesjonele help.

Respytsoacrh en it gebietstiim

As jo in fraach hawwe oer respytsoarch of rap respytsoarch nedich hawwe, kinne jo kontakt opnimme mei it gebietstiim Littenseradiel, berikber fia tillefoannûmer 140515 en oer de e-mail fia gebiedsteamlittenseradiel@littenseradiel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske  oersetting fan 'Wat is respytsoarch?'.