Ynformaasje foar jonge mantelsoargers

Ek bern kinne mantelsoarger wêze. Wy neame harren jonge mantelsoargers. Jonge mantelsoargers binne bern yn de leeftyd fan 4 oant en mei 21 jier, dy't soargje foar of soarch hawwe oer in heit, mem, broer of sus mei in groanyske sykte, ferstanlike of lichaamlike beheining en/of ferslaving.

Prate mei in maatsje

Foar jonge mantelsoargers kin it noflik wêze om sa no en dan mei in maatsje te praten. Dit kin fia it projekt Humanitas Maatjes. Sjoch foar mear ynformaasje op www.humanitas.nl.

Untspanning

Op www.mezzo.nl steane tips en ynformaasje oer ûntspannende aktiviteiten spesjaal foar jonge mantelsoargers.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ynformaasje foar jonge mantelsoargers'.