Ynbreidingsplannen Mantgum
Neist de útwreidingsplannen wurde der twa ynbreidingslokaasjes* ûntwikkele yn projektûntwikkeling. It earste projekt leit op 'e hoeke fan de Seerp van Galemawei en De Swannedrift (it hjoeddeiske parkearterrein). Hjir is boubedriuw Lont út Sint Anne dwaande mei it ûntwikkeljen fan ferskate apparteminten. It twadde projekt is de bou fan seis wenningen oan De Terp tsjinoer multifunksjoneel sintrum "De Wjukken". Dizze wenningen wurde ferkocht troch makelder Hoekstra út Snits.
* Ynbreiding is it bouwen binnen besteande bebouwing.