Aktive kontrôle op ôfmjittingen en lading fan lânbou-oanhingers(16-02-2017)

De gemeenteried fan Littenseradiel hat op moandei 13 febrewaris 2017 byinoar west foar in rûntepetear. Der is ûnder oaren praat oer de ienmalige tafûging fan € 900.000,00 oan de reserve diken en it fêststellen fan de bydrageregeling foar minima. Ek it jierplan fan de plysje kaam oan de oarder.

Jierwurkplan plysje

Alle jierren komt it Basistiim Snits, wêr ’t Littenseradiel ûnder falt, mei in jierwurkplan wêryn de lokale prioriteiten foar 2017 steane. Yn Littenseradiel stiet ‘de ferkearsfeiligens oangeande lânbouferkear’ dit jier heech op ’e list, neffens teamsjef Marja Doosje fan de plysje. Dit nei oanlieding fan it ûndersyksrapport yn it earste heal jier fan 2016, troch in studint fan de Thorbecke Academie. De plysje sil aktyf kontrolearje op tastiene ôfmjittings, materiaal en belading fan lanbou-reau, en op it T-rydbewiis, dat dit jier ferplichte wurdt. Net dat der no sprake is fan misstannen op de diken yn de gemeente, sa seit frou Doosje, op fragen fan de VVD. It is mear dat de diken yn de gemeente oan de smelle kant binne foar it hieltyd grutter wurdende reau. Boppedat is it meastentiids ‘in earnstich ûngelok as der lânboureau by belutsen is. Boargemaster Liemburg joech oan dat it altyd goed is dat ynwenners oan de plysje trochjouwe wêr’t sy ekstra kontrôles wolle. SAM wol graach witte hoe’t dykgebrûkers ôfleard wurde kin te hurd te riden, benammen yn de gebieten mei 30 km-buorden. Dat is lestich, sa seit de boargemaster. “Wy kinne minsken bewust meitsje fan de eigen snelheid, sa’t wy op in pear plakken dogge mei in ‘smiley’, dy’t read en lilk wurdt as der te hurd riden wurdt. Mar in garânsje foar better rydgedrach is dat net”, zei ze. “Ik tink dat wy inoar op ús riidgedrach oansprekke moatte.” Op in fraach fan de FNP oer ûnrêst en fernielings mei de stapperij yn Easterein sei de plysje dat mei it personiel fan Noflik Easterein ôfpraat is dat it sels rûn slutingstiid kontrolearret yn it doarp. “De lêste tiid is it rêstiger yn it doarp”, sa seit de plysje.

Reserve diken

Troch it bystoarten fan € 900.000,00 rint de reserve diken oant en mei it jier 2021 posityf. Dit is ek de winsk fan de weryndielingspartners Súdwest-Fryslân en Ljouwert, dy’t earder akkoart gong binne mei ús begrutting foar 2017 ûnder it foarbehâld dat Littenseradiel de reserve diken oanpasse soe. De oanpassing is benammen in boekhâldkundich ferhaal, en giet net oer ekstra útjeften foar it ûnderhâld fan de diken, sa sei Liemburg, dy’t wethâlder Bonnema ferfong as portefûljehâlder.

Bydrageregeling minima 2017

Foar minima yn de gemeente is mear jild beskikber. Yn 2015 waard foar dit doel € 60.000,00 útjûn, foar dit jier is in bedrach begrutte fan € 85.000,00. De ynkommensgrins is omheech gong en it ‘Kindpakket’ is útwreide. Op fragen fan de riedsleden sei portfûljehâlder wethâlder Reijndorp dat in heger budzjet nedich is om’t it de ambysje fan de gemeente is om elkenien dy’t rjocht hat op in bydrage dizze ek jaan te kinnen. Yn 2015 waard 56 prosint fan de doelgroep berikt. Dit persintaazje sil tanimme troch de ynset fan de minsken fan de gebietstiims, dy’t better yn kaart hawwe wat de doelgroep is. Neffens de CBS-sifers leve ûngefear 700 minsken yn Littenseradiel yn earmoed, wêrûnder sa’n 200 bern.

Oare punten op de wurklist

Fierder waard der praat oer ûnder oaren de begruttingswizigings 2017 fan de Veiligheidsregio Fryslân (yn ferbân mei ekstra ynset GGD troch de hegere ynstream fan asyksikers) en de subsydzje fan € 4.537,00, as temjittekomming yn de kosten fan it ferbetterjen fan de akoestyk en it lizzen fan in nije flier yn de boppeseal fan it doarpshûs yn Baard.

Folgjende gearkomste

Op moandei 27 febrewaris komt de gemeenteried wer byinoar foar in mienings- en beslútfoarmjende riedsgearkomste.

Weromsjen?

Jo kinne de behanneling fan dizze punten fanwege in technyske steuring spitigernoch net werom sjen fia webcasting op de webside.

Mear ynformaasje

Foar mear ynformaasje oer rûntepetearen, riedsgearkomsten en wurklisten kinne jo op ’e webside fan de gemeente sjen ûnder Bestjoer en Organisaasje, en dan Gemeentebestjoer. Jo kinne fansels ek terjochte by de griffier, mefrou Fimke Hijlkema, griffie@littenseradiel.nl of tillefoan (0515) 334438.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Aktive kontrôle op ôfmjittingen en lading fan lânbou-oanhingers'.