It is begryplik dat memmen likegoed as heiten in nij lykwicht fine moatte.
Kreamfrouwetriennen
Twa tredde fan de memmen fielt har de earste tsien dagen nei de kream emosjoneel labyl of ferdôve; hja reitsje maklik oerstjoer en binne gûlderich. De saneamde ‘kreamfrouwetriennen’ ferskine trochstrings op de tredde dei nei de befalling. Der is neat ûngewoans oan it ûnderfinen fan de ‘babyblues’. Ek de kreamfrouwetriennen binne te ferklearjen: al meast fine dy har oarsaak yn in kombinaasje fan wurgens, de stress fan de befalling en hormonale feroarings.
Goed foar dysels soargje
By de measte âlden ferdwynt de babyblues al gau; wat hjir by helpe kin is it akseptearjen fan de eigen gefoelens en dy fan dyn partner. Begryp en omtinken foar elkoar kinne hjir by helpe. It is wichtich om goed foar dysels te soargjen en net te hege easken te stellen oan wat der yn ’e hûs dien wurde moat. As it kin, rêst dan sels ek as dyn poppe sliept. Besykje de soarch foar it bern safolle mooglik mei syn twaën te ferpartsjen, dan kinst út en troch wat foar dysels dwaan. In healoerke ûntspanning kin al in grut ferskil meitsje. Besteegje oandacht oan dyn relaasje en nim tiid foar elkoar. Lis dizze tiid fan te foaren fêst! En jou ek eksklusive mominten fan oandacht oan de âldere bern – as dy der binne.
Langer de babyblues
Soms hâldt de babyblues langer oan en fielt de mem har fertrietlik of wanmoedich meidat:
- De ferantwurdlikens foar in bern, de easken fan in húshâlding en de tanommen húshâldlike taken har oermânsk wurde.
- Hja ôfskie nimme moat fan har âlde, bekende libbenswize.
- Hja gewaar wurdt dat it âlderskip net is wat se der fan ferwachte.
- Hja temin kontakten hat mei oare folwoeksenen.
- Hja har ûngelokkich fielt oer har uterlik.
Depresje
Soms bart it dat de babyblues him ûntwikkelet ta in langer duorjende depresje. Der kin sprake wêze fan in depresje as dyn gefoelens de deistige beuzichheden yn it paad steane en langer as twa wike oanhâlde. Memmen mei postnatale depresje belibje gjin wille oan it fersoargjen fan de lytse poppe en hja kinne gefoelens fan wrok koesterje tsjin it bern oer. De depresje lit alle enerzjy, selsfertrouwen en blidens ferdwine. Memmen mei in depresje skamje harren faak en tinke dat hja de iennigen binne dy’t it âlderskip net oankinne. In postnatale depresje komt foar by ien op de fiif memmen. In protte memmen kinne in postnatale depresje net teplak bringe. Praat, ek ast der net wis fan bist, mei bygelyks de wykferpleechkundige of dyn húsdokter ast fynst dat it allegear wat te folle wurdt. Hoe earder ast dyn gefoelens op ’t aljemint bringst, hoe better. Hja kinne dan mei dy sykje nei in foarm fan stipe dy’t goed by dy past.
CJG-ZWF
Op dit plak kinst regelmjittich artikels oer Posityf Opfieden lêze. Foar mear ynformaasje en advys kinst terjochte by www.cjg-zwf.nl.
Sjoch de hjirûnder neamde ferwizings foar de eardere stikken oer Posityf Opfieden.