CycloMedia makket foto’s yn Littenseradiel (12-07-2017)

Dit item is verlopen op 01-09-2017.

CycloMedia makket yn augustus foto’s yn ús gemeente. CycloMedia is spesjalisearre yn it grutskalich en systematysk yn byld bringen fan de omjouwing.

Gebrûk foto’s

CycloMedia makket mei spesjale auto’s 360 graden panoramafoto’s fanôf de iepenbiere dyk. Dizze foto’s wurde troch de gemeente brûkt foar bygelyks ynspeksje en behear fan de iepenbiere romte, fisuele stipe by de ymplementaasje fan wetjouwing, hanthavenjen fan iepenbiere oarder en feiligens en it ûntwikkeljen fan romtlike plannen.

Beskerming persoansgegevens

De opnamen wurde allinne mar ynsetten foar publike of private aktiviteiten en wurde ûnder stringinte betingsten ta beskikking steld. De opnamen wurde net op ynternet publisearre of oars iepenbier makke. CycloMedia hat har aktiviteiten oanmeld by it College Bescherming Persoonsgegevens ûnder nûmer 1004101.

Beswier/fragen?

Foar fragen oft it oantekenjen fan beswier kinne jo kontakt opnimme mei CycloMedia Technology B.V., Postbus 2201, 5300 CE Zaltbommel, Nederlân. Sjoch foar mear ynformaasje op www.cyclomedia.com.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'CycloMedia makket foto’s yn Littenseradiel'.