Doch mei oan de Rely Jorritsma-priis (20-04-2017)

Dit item is verlopen op 02-05-2017.
Rely Jorritsma

Skriuwers fan Fryske ferhalen of fersen kinne wer gading meitsje nei in Rely Jorritsmapriis. De bêste Fryske bydragen wurde beleanne mei in jildbedrach. In bekroand fers of in winnend ferhaal wurdt honorearre mei in jildbedrach fan € 1.000,00.

Rely Jorritsma Fûns

Yn syn testamint skreau Rely Jorritsma dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif Fryske gedichten en de bêste fiif koarte ferhalen. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd, yntusken troch de gemeente Littenseradiel. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders foarmet it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns.

Fan Littenseradfiel nei Ljouwert

Dat is dit jier foar de lêste kear, no’t Littenseradiel ophâldt te bestean. Mar de Rely Jorritsma-priis giet troch. Mei yngong fan 2018 wurdt de organisaasje oernommen troch de gemeente Ljouwert. Want Ljouwert is troch de weryndieling de nije gemeente fan Jellum, it berteplak fan Rely Jorritsma.

Wat binne de spulregels foar de Rely Jorritsma-priis?

  • Yn ’e beneaming komme oarspronklike gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern;
  • Jo ferhaal of gedicht moat skreaun wurde yn Word;
  • Stjoer jo ferhaal of gedicht as bylage yn fia e-mail, nei i.algra@littenseradiel.nl;
  • Set yn de e-mail ek jo namme, adres, wenplak en tillefoannûmer;
  • Dizze personalia bliuwe geheim, jo ferhaal of gedicht wurdt anonym nei de sjueryleden stjoerd. Allinnich de nammen fan dyjingen dy’t in priis winne wurde bekend makke;
  • Jo wurk mei net earder ferspraat of publisearre wêze, op ynternet stien ha, earne foarlêzen wêze of op in oare wize nei bûten ta brocht wêze;
  • Net mear as ien gedicht en/of ien ferhaal ynstjoere;
  • De bydrage moat fóár 15 maaie 2017 ynstjoerd wêze;
  • Jo bydrage wurdt net weromstjoerd;
  • Oer de útslach kin net korrespondearre wurde.

Ynstjoeren bydragen

Wa’t meidwaan wol oan de Rely Jorritsma-priis moat syn of har bydrage fóár 15 maaie 2017 ynstjoere fia e-mail nei i.algra@littenseradiel.nl.

De sjuery

De ynstjoeringen wurde beoardield troch in ûnôfhinklike sjuery.

Publikaasjerjocht

It earste publikaasjerjocht fan de bekroande ynstjoerings komt oan it bestjoer fan de Stichting Rely Jorritsma Fûns, sûnder dat der apart noch wer foar betelle wurdt. As it bestjoer net binnen it jier nei de publikaasje fan de útspraak fan de sjuery fan dat rjocht gebrûk makket, ferfalt it wer oan de skriuwer.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje kinne jo krije by Iris Algra-Kalee, tillefoan: (0515) 334466 of e-mail: i.algra@littenseradiel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Doch mei oan de Rely Jorritsma-priis'.