Dûbelspan út Boazum wint Himmelwikebokaal(20-04-2017)

dûbelspan boazum wint himmelwike bokaal

Op woansdei 19 april hat wethâlder Bram Bonnema de Himmelwikebokaal útrikt oan de learlingen fan it Dûbelspan yn Boazum. Yn de Himmelwike leare bern hoe skealik swalkôffal is foar mins en miljeu en wat sy der sels tsjin dwaan kinne.

Net folle swalkôffal

Oars giet de beker nei de skoalle dy’t it measte swalkôffal sammele hat, mar dizze kear giet hy nei de learlingen dy’t nei ferhâlding it minste ophelle hawwe. De wethâlder hat wiidweidich praat mei de bern oer wêr dit oan lizze kin. Hawwe sy net goed harren bêst dien? Of is it yn Boazum gewoan hiel skjin en falt der dus hast neat op te romjen? Blykber witte net allinne de learlingen, mar ek alle ynwenners fan Boazum hiel goed dat swalkôffal tige skealik is en is it der opmerklik skjinner as yn de rest fan de gemeente. Om harren dêrfoar te prizigjen, krigen sy út hannen fan wethâlder Bonnema de Himmelwikebokaal.

Acht dielnimmende organisaasjes

Begjin april hawwe seis basisskoallen (Boazum, Hilaard, Mantgum, Winsum, Wommels), Doarpsbelang Wiuwert/Britswert en Bewust Grien Easterwierrum meidien oan it Himmelwikeprojekt. Sy gongen mei in griper en jiskepûde de dyk op om safolle mooglik swalkôffal te sammeljen. Yn totaal hawwe alle 375 dielnimmers mar leafst rom 300 kilo swalkôffal ophelle.

Jierlikse aksje

Basisskoallelearlingen út de Fryske gemeenten het Bildt, Ferwerderadeel, Franekeradeel, Harlingen, Heerenveen, Leeuwarden, Leeuwarderadeel, Littenseradiel, Menameradiel Opsterland, Ooststellingwerf stride alle jierren mei Omrin tsjin swalkôffal. Der dienen dit jier yn totaal rom 8000 bern mei oan de Himmelwike.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside fan de Himmelwike.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Dûbelspan út Boazum wint Himmelwikebokaal'