Dyk Boalsert-Ljouwert krijt trije tunnels (06-06-2017)

Dit item is verlopen op 20-06-2017.
logo Provinsje Fryslân

Der komme trije tunnels yn de provinsjale dyk fan Boalsert nei Ljouwert (N359). It giet om de krúspunten by Wommels Noard, Burchwert en Boalsert Noard. Earder al stelde de provinsje Fryslân al € 12 miljoen euro beskikber foar de oanpak fan de krúspunten. Om tunnels yn de dyk oanlizze te kinnen, wol de provinsje no € 6 miljoen ekstra ynvestearje.

Oanpak ûnfeilige sitewaasjes

Op de N359 mei it ferkear 100 kilometer yn ‘t oere ride. De dyk op- en ôfride, kin somtiden soargje foar ûnfeilige sitewaasjes. Dêr wol de provinsje Fryslân graach wat oan dwaan. Fierdere útwurking fan de plannen foar de trije krúspunten wiisde lykwols út dat € 12 miljoen net genôch is om trije tunnels oan te lizzen. Dêr is € 6 miljoen ekstra foar nedich. “Wy hawwe earst nei oare oplossings socht, lykas de oanlis fan in rotonde of in fiadukt”, ljochtet deputearre Poepjes ta. “Mar in tunnel is op dizze plakken echt feiliger en wy fine it dan ek echt needsaaklik”.

Ynnovative oanbesteging

Om de kosten foar de oanlis foar de tunnels sa leech mooglik te hâlden, besteget de provinsje it wurk op ynnovative wize oan. Dat hâldt yn dat merkpartijen útdage wurde om mei kreative en ynnovative oplossings te kommen. Hoe’t de tunnels derút komme te sjen, is dêrom op dit stuit noch net dúdlik.

Plenning

Provinsjale Steaten hawwe it lêste wurd oer it beskikber stellen fan it ekstra jild. Noch dit jier sprekke se harren dêroer út. De tariedings, lykas it meitsjen fan de kontrakten, geane ûnderwilens gewoan troch. Sa wol de provinsje nei de simmer alfêst yn oerlis gean mei de grûneigeners dy’t om de krúspunten hinne wenje. As dat neffens planning ferrint, kin ein 2019 it wurk útein sette. It stribjen is om yn 2021 alle trije tunnels klear te hawwen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Dyk Boalsert-Ljouwert krijt trije tunnels'.