Eksposysje gemeentehûs Wommels troch Sita Geerling (03-08-2017)

Fan 3 augustus 2017 ôf eksposeart Sita Geerling yn it gemeentehûs yn Wommels. Har ekspressive skilderijen fan lânskippen en modellen binne te besjen oant en mei 31 oktober 2017. It is de ienneilêste eksposysje op it gemeentehûs.

Landschappen en modellen

”Ik wenje hjir – op Weakens - fan 1992 ôf oan”, seit Sita Geerling. “Ik wie doe noch drok dwaande mei it ôfmeitsjen fan de keunstakademy. No’t de gemeente hast ophâldt fan bestean, fûn ik it wol moai om in oersjoch te meitsjen fan myn wurk troch de jierren hinne.” Dy wurken binne faak ekspressive skilderijen fan lânskippen of modellen. “De lânskippen fan Noard-Nederlân, dus Fryslân, mar ek het hoge land yn Grins. Ik hâld fan de romte.”

Byldzjende keunst en byldzjende terapy

Neist byldzjend keunstner is Sita ek byldzjend terapeut. “Dat ha ik fan it begjin ôf oan kombineard. It follet elkoar oan. By de keunst binne je in soad mei josels dwaande. Yn de terapy set ik oaren oan it wurk. Dat doch ik út Atelier Lyts Bûthús wei.” It Atelier is in wurkplak dêr’t minsken mei byldzjende middels as tekenjen of skilderjen of klaai oan harren persoanlike ûntwikkeling wurkje kinne.

Wêr en wannear

Jo kinne de eksposysje besjen yn it gemeentehûs yn Wommels oan de Keatsebaen 1. It gemeentehûs is iepen fan moandei oant en mei freed fan 09.00 oant 12.00 oere en op woansdei ek fan 14.00 oant 16.00 oere.  

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje oer Sita en har wurk op www.sitageerling.nl en www.lytsbuthus.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Eksposysje gemeentehûs Wommels troch Sita Geerling'.