Ekstra Rûntepetear op 29 maaie oer belestingen yn nije gemeenten (17-05-2017)

De nije gemeenten dêr’t de doarpen fan Littenseradiel aanst ûnder falle, hawwe yn guon gefallen oar belied. De gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân hawwe op it mêd fan belestingen útwurke hoe’t se dat aanst by elkoar bringe wolle.

Belestingharmonisaasje

Dat by elkoar bringen fan dit belied hjit belestingharmonisaasje. Dat jildt bygelyks foar de de WOZ-belesting of hûnebelesting. Letter wurdt noch dúdlik hoe’t it komt mei de belestingen yn de nije gemeente Waadhoeke.

Ekstra Rûntepetear oer sjenswize belestingharmonisaasje

De nije gemeenten geane oer dizze besluten. Mar de ried fan Littenseradiel kin wol in sjenswize yntsjinje. Dêrom is der in ekstra rûntepetear oer de belestingharmonisaasje op moandei 29 maaie 2017 om 19.30 oere. Belanghawwenden wurde fan herten útnûge om dêrby oanwêzich te wêzen. Yn in Rûntepetear wurde gjin besluten nommen, der wurdt allinne ynformaasje garre.

Meiprate?

As jo dat wolle, kinne jo meiprate yn it Rûntepetear. It is de bedoeling dat jo koart oanjouwe hoe oft jo der yn steane; dêrnei krije de riedsleden (fan eltse fraksje ien) de mooglikheid om fragen oan de meisprekkers te stellen. Wolle jo meiprate yn it Rûntepetear, dan kinne jo josels hjirfoar oanmelde by de griffier; mefrou Fimke Hijlkema, tillefoannûmer (0515) 34438 of fia de mail griffie@littenseradiel.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ekstra Rûntepetear op 29 maaie oer belestingen yn nije gemeenten'.