Ekstra stipe foar monuminteigners yn Fryslân (19-06-2017)

logo Provinsje Fryslân

Eigners fan in gemeentlik monumint of karakteristyk gebou yn Fryslân kinne fan no ôf in liening mei in lege rinte oanfreegje foar it restaurearjen én it ferduorsumjen en/of werbestimmen fan harren monumint.

Monuminten behâlde

Om in monumint behâlde te kinnen foar de takomst is it neist resturaasje hieltyd mear fan belang om in monumint ek te ferduorsumjen of it in nije bestimming te jaan. Provinsje Fryslân komt hjirmei yn de mjitte oan de winsk fan eigners om neist restauraasje ek ferduorsumjen of werbestimming finansjeel te stypjen. Hjirfoar hat de provinsje ekstra jild beskikber steld yn it ‘Cultuurfonds voor Monumenten’.

Maksimum lienbedrach ferhege

Mei dizze ferbreding wol de provinsje eigners ekstra stipe jaan yn it behâld fan harren monumint. Ek gemeenten krije sa in stimulâns foar it oanwizen fan gemeentlike monuminten of karakteristike gebouwen. Sy hawwe wk in rol by it beoardielen fan de subsidiabele kosten en de kwetsbere monumintale kwaliteiten. Eigners kinne al rom 14 jier gebrûk meitsje fan it Cultuurfonds yn Fryslân. Neist it útwreidzjen nei de tema’s duorsumens en werbestimming wurdt ek it maksimale lienbedrach fan de ‘Cultuurfonds-hypotheek’ ferhege nei € 200.000,00.

Oer it ‘Cultuurfonds voor Monumenten’

Yn gearwurking mei it Prins Bernhard Cultuurfonds wurket it Nationaal Restauratiefonds gear mei njoggen provinsjes. Dit om monuminteigners te helpen mei it behâlden fan harren monumint fia de saneamde ‘Cultuurfondsen voor Monumenten’. Ut dizze ‘Cultuurfondsen’ wurdt de ‘Cultuurfonds-hypotheek’ ferstrekt. Dit is in liening foar eigners fan gemeentljke of provinsjale monuminten of karakteristike gebouwen mei in legere rinte as de merkrinte (4,5% ûnder de merkrinte mei in minimum fan 1,5%). De hichte fan de hypoteek wurdt bepaald oan de hân fan de troch de gemeente fêststelde subsidiabele kosten.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op www.fryslan.frl/monumenten.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ekstra stipe foar monuminteigners yn Fryslân'.