Feestlik ôfskie fan Littenseradiel: kaarten bestelle (04-10-2017)

Fan 1 jannewaris 2018 ôf bestiet de gemeente Littenseradiel net mear. Dat wolle we fansels net samar foarby gean litte. We nimme ôfskie troch it tiidrek Littenseradiel feestlik ôf te sluten.

Greidehert: in muzikale filmfertelling

Komme jo ek nei Greidehert? Greidehert is in muzikale filmfertelling oer Littenseradiel. Lit jo meislepe op de prachtige muzyk (in arranzjemint fan Jorrit Laverman) en genietsje fan de bylden fan sfearen, minsken en it lânskip fan Littenseradiel. Wybo Smids en Tjerk Kooistra hawwe tekene foar it idee en de útfiering.

Korps spilet live

Alle besikers sjogge in spesjale film oer Littenseradiel. Tagelyk mei de film spilet der live in orkest, dat bestiet út muzikanten en leden fan  korpsen út Littenseradiel. Sintraal steane 29 gesichten, út elk doarp ien. Fan âld oant jong, fan ‘ymport’ oant hikke en tein, fan it lânskip oant en mei it ferieningslibben. Alles wat it plattelân fan Littenseradiel sa gewoan en tagelyk sa bysûnder makket.

Alle ynwenners wolkom, wol oanmelde!

Alle ynwenners binne fan herten wolkom yn De Helling yn Winsum. Spyldata binne 9, 15 en 16 desimber jûns en 10 desimber middeis. It kaartsje is fergees, mar jo moatte wol yn it foar reservearje. Dat kinne jo dwaan fia www.greidehert.nl/reservearje. Wachtsje net te lang, want it tal plakken is beheind.

In boek foar alle húshâldens

Neist de foarstelling krije alle húshâldens yn Littenseradiel in boek mei ferhalen yn de bus. De ferhalen spylje har  ôf tusken 1984 en 2018, de tiid dat Littenseradiel bestie.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Feestlik ôfskie fan Littenseradiel: kaarten bestelle.'