Ferfolch op Sociaal Vitaal voor senioaren (07-02-2017)

Dit item is verlopen op 03-03-2017.
logo buurtsportwerk

Buertsportcoach Lammert Harkema set it sportprojekt Sociaal Vitaal fan Sport Fryslân yn, om senioaren striidberder, selsstanniger, fitter en sosjaler te meitsjen en te hâlden. Fan de 60 dielnimmer oan de Sociaal Vitaal-dei yn 2016, dogge der no 15 mei oan it ferfolchprogramma. It programma wurdt jûn troch Sportsintrum Akkermans yn Wommels.

Hurd wurkjen yn gemoedlike sfear

Véronique Akkermans: “De kursisten hawwe alle wiken wurke oan balâns, krêft, úthâldingsfermogen, sterk stean en feilich falle en opstean! Yn in gesellige en gemoedlike sfear is hurd wurke. Yn de ferfolchprogramma’s sil elkenien syn/har eigen programma op maat útfiere en mei-inoar slute wy ôf mei 15 minuten groepstrening yn de seal mei ôfwikseljend it aksint op balânske, krêft, sterk stean en feilich falle en opstean. Oanslutend in bakje kofje of tee. In moaie doelgroep om mei te wurkjen. Sy binne tankber foar de progressy dy’t der makke wurdt.

Dielnimmers tige tefreden

Net allinnich Véronique sels is entûsjast oer de progressy, ek de dielnimmers binne tige tefreden oer de boekte resultaten. Nel Sint: “Ik bin my der bewuster fan hoe’t ik beweech en stean. Myn balâns is tige foarút gongen. Akke Bijlsma: “Troch dit te dwaan, merk ik dat ik mear kin as ik tocht en dat fielt goed.”

Ek meidwaan?

Minsken dy’t ek graach meidwaan wolle oan de wyklikse lessen, kinne foar mear ynformaasje kontakt opnimme mei buertsportcoach Lammert Harkema, l.harkema@sportfryslan.nl of 06-13169152.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Ferfolch op Sociaal Vitaal voor senioaren'.