Finansjele bydrage út Foarinoar Fûns foar Nij Baarderadiel (09-11-2017)

Boargerinisjatyf Nij Baarderadeel krijt in bydrage fan € 2.500,- út it Foarinoar Fûns om yn de tsien doarpen dy’t oergean nei de gemeente Ljouwert, in bijeflinterlint te realisearjen.

Bijenlint

It bijeflinterlint stiet foar symboalyske ferbining; it rint troch de tsien doarpen dy’t op 1 jannewaris 2018 nei de gemeente Ljouwert oergean. In bijelint bestiet út blommeperkjes en –bermen wêr’t bijen en flinters oerlibje kinne. De inisjatyfnimmers út de ferskate doarpen binne yntusken begûn mei it ynsiedzjen fan de bermen.

Foarinoar Fûns

De gemeente Littenseradiel hat it Foarinoar Fûns ynsteld om inisjativen en ekspeariminten fan bewenners(groepen) finansjeel te stypjen om sa leefberens en partisipaasje yn de gemeente te stimulearjen. It is net mear mooglik om dizze subsydzje oan te freegjen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Finansjele bydrage út Foarinoar Fûns foar Nij Baarderadiel'.