Finansjele stipe foar jonge boeren (05-12-2017)

Dit item is verlopen op 16-12-2017.
logo Provinsje Fryslân

Fan 4 desimber 2017 ôf oant 15 jannewaris 2018 kinne boeren ûnder de 41 jier oanspraak meitsje op in spesjale subsydzjeregeling. It jild is bedoeld foar it ferduorsumjen fan de bedriuwen.

Jonge boeren-regeling

De jonge boeren kinne oant € 20.000,00 krije foar ynvestearrings yn it ferduorsumjen fan harren bedriuwen, wêrtroch bygelyks bioferskaat sterker wurdt of de útstjit fan fersmoargjende stoffen ferminderet. Lykas ynvestearrings yn luchtwasksystemen en emisje-earme flierren yn stâlen. Dizze regeling is in POP3 maatregel fanút it Europeeske subsydzje Plattelânsûntwikkelingsprogramma. Hjirfoar lizze Europa en provinsjes jild by inoar.

Gearwurking foar duorsumens yn de lânbou

Dêrneist stelle de trije Noardlike provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte yn totaal 4,5 miljoen euro beskikber foar ynnovaasjes rûnom it ferduorsumjen fan de lânbousektor. Ek dit komt fanút it POP3-programma. Ynset by dizze subsydzjepot is it sluten fan ‘kringlopen’, minder grûnstoffegebrûk en it behâld fan bioferskaat. De regeling is iepen fan 8 desimber 2017 oant en mei 1 maart 2018. In gearwurkingsferbân (mei op syn minst ien boer) kin de subsydzje oanfreegje.

Mear ynformaasje

http://www.snn.eu/subsidies/landbouw-pop3/provincie-fryslan.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Finansjele stipe foar jonge boeren'.