Gemeente Littenseradiel siket duorsume hûzen (01-09-2017)

logo nationale duurzame huizenroute

De gemeente Littenseradiel docht mei oan de Duurzame Huizen Route op 4 en 11 novimber. Hawwe jo in duorsum hûs en wolle jo jo kennis en ûnderfining diele? Meld jo dan oan fia www.duurzamehuizenroute.nl/littenseradiel. Jo krije in leuk betankje én meitsje kâns op in wykeintsje fuort!

Nationale Duurzame Huizen Route

Under de Nationale Duurzame Huizen Route op 4 en 11 novimber, diele hûseigners harren ûnderfiningen mei it duorsumer meitsjen fan harren wenning. In ynspiraasjeboarne foar minsken dy’t sels oan de slach gean wolle mei duorsum bouwen en wenjen. Goed isolearre hûzen, sinnepanielen, sunige HR-ketels, gebrûk fan natuerlike materialen; eltse ûnderfining is brûkber om oaren op wei te helpen.

Komfortabel en enerzjysunich wenje

“It is moai om goede foarbylden ûnder de oandacht te bringen ûnder de Duurzame Huizen Route. Besikers hearre ûnderfinings út de earste hân en ûntdekke dat enerzjysunich wenjen ek foar komfort soarget.“, sa seit Petra Kerkstra, beliedsmeiwurker MIljeu fan de gemeente Littenseradiel. Ut de enkête fan de Duurzame Huizen Route docht bliken dat in protte besikers oan de gong gean. “Elts ferhaal is unyk en helpt jo op wei om jo eigen hûs duorsumer te meitsjen, reagearret in entûsjaste ynwenner.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Gemeente Littenseradiel siket duorsume hûzen'.