Gemeentehûs Littenseradiel ticht (16-12-2017)

Troch de weryndieling mei yngong fan 1 jannewaris 2018 is it nedich dat it gemeentehûs ticht is, om’t der ferskate saken en systemen oerset wurde moatte nei trije nije gemeenten. Dêrom is it gemeentehûs no ticht. Hjirûnder sette we in tal wichtige saken op in rychje.

Reisdokuminten en rydbewizen

Jo kinne gjin reisdokuminten en rydbewizen mear oanfreegje oant en mei 31 desimber. Fan moandei 2 jannewaris 2018 ôf kinne jo terjocht by jo nije gemeente. Sjoch dêrfoar op de websites fan de nije gemeenten. Hâld der rekken mei dat it oars wurkje kin as dat jo wend binne. Sa kin it bygelyks handich wêze om earst in ôfspraak te meitsjen.

Boargerlike stân Littenseradiel

Boargerlike stân is allinnich noch iepen foar it dwaan fan oanjefte fan berte of ferstjerren op:

  • moandei 18 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
  • tiisdei 19 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
  • woansdei 20 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
  • freed 22 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
  • woansdei 27 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere
  • freed 29 desimber tusken 10.00 en 11.00 oere

Oare saken kinne dan net oanfrege of regele wurde. Dat kin net earder wer as 2 jannewaris yn jo nije gemeente.

Online oanfragen boargersaken

It is net mear mooglik om online oanfragen te dwaan oant en mei 31 desimber 2017. Fan 2 jannewaris ôf kinne jo terjochte by jo nije gemeente. Sjoch op de websites fan jo nije gemeente hoe’t jo dat dwaan kinne.

Fergunningen

Fia omgevingsloket.nl kinne jo in omgevingsfergunning of wetterfergunning oanfreegje. Dat giet gewoan troch. Wol is it mooglik dat it ferwurkjen fan de oanfraach wat mear tiid freget. As dat sa is, wurde jo dêr fan op de hichte brocht. Hâld rekken mei in mooglike krekt wat langere ferwurkingstiid as gebrûklik. APV-fergunnings sûnder spoed wurde nei 2 jannewaris 2018 behannele troch de nije gemeenten.

Kalamiteiten

By in needsituaasje of kalamiteit belje jo fansels 112. Mar ek de gemeente hat in kalamiteitenûmer foar as der wat oan de hân is bûten kantoaroeren. Dat kinne jo brûke as jo oerlêst hawwe troch bygelyks in oerstreaming fan in strjitte  of as jo in gefaarlike situaasje konstatearje op of oan gemeentelike eigendommen. Foar oare saken kinne jo dit nûmer net belje. It kalamiteitenûmer is oant en mei 31 desimber 2017 23.59 oere fia0651 16 13 55. Fan 0.00 oere dy nacht ôf kinne jo terjochte by jo nije gemeente of by de plysje 0900-8844 (geen spoed).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Gemeentehûs Littenseradiel ticht'.