Gjin wolstânsgearkomsten yn de fakânsjeperioade (03-08-2017)

Dit item is verlopen op 28-08-2017.

Yn de perioade fan 31 july oant en mei 27 augustus binne der gjin wolstânsgearkomsten yn it gemeentehûs yn Wommels. De bouplannen wurde yn dizze perioade ta beoardieling nei Hûs en Hiem stjoerd.

Iepenbiere gearkomste bywenje?

De bouplannen wurde yn it kantoar fan Hûs en Hiem yn Ljouwert yn in iepenbiere gearkomste beoardield. As jo witte wolle hokker plannen wannear behannele wurde, dan kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Fergunnings en Hanthavenjen fan de gemeente Littenseradiel. De oanfreger (of syn lêsthawwer) wurdt foar de gearkomste útnûge.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Gjin wolstânsgearkomsten yn de fakânsjeperioade'.