Gjin ynrinsprekoere mear fan buertplysje yn gemeentehûs (14-12-2017)

Op 12 desimber 2017 wie it lêste ynrinsprekoere fan buertplysje Trinus Hoekstra yn it gemeentehûs yn Wommels. Dit hat fansels alles te krijen mei de weryndieling op 1 jannewaris 2018.

Gjin nije lokaasje ynrinsprekoere

Trinus Hoekstra: “It tal besikers fan it ynrinsprekoere is de ôfrûne jierren flink werom rûn. Dat hat benammen te krijen mei de mooglikheid om digitaal oanjefte te dwaan. Om dy reden sykje wy dan ek net nei in nije lokaasje foar it ynrinsprekoere.”

Buertplysjes

Trinus Hoekstra bliuwt buertplysje yn de 15 doarpen dy’t op 1 jannewaris 2018 by de gemeente Súdwest-Fryslân hearre. Hoekstra is te berikken fia (0900) 8844 of fia e-mail: trinus.hoekstra@politie.nl. Foar de doarpen dy’t by Ljouwert en Waadhoeke komme, wurde twa nije buertplysjes beneamd. Dêr is op dit stuit noch gjin ynformaasje oer bekend.

Plysje nedich?

Foar driuwende saken skilje jo fansels 112, yn alle oare gefallen (0900) 8844. Digitaal oanjefte dwaan kin fia de webside www.politie.nl. Wolle jo leaver persoanlik oanjefte dwaan? Op www.politie.nl ûnder Mijn Buurt fine jo ynformaasje oer de plysjeburo’s by jo yn de omkriten.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'De lêste ynrinsprekoeren fan de buertplysje yn it gemeentehûs'.