Glêdensbestriding struiseizoen 2017-2018 (14-11-2017)

De glêdensbestriding yn Littenseradiel wurdt al fan no ôf oan útfierd troch de nije gemeenten. Om’t healweis it ‘struiseizoen’ de gemeente Littenseradiel net mear bestiet, binne alfêst ôfspraken makke mei dy nije gemeenten oer it struien.

Ferdieling

Foar it part fan Littenseradiel dat nei Waadhoeke giet, sille de gemeenten Frentsjerteradiel en Menameradiel de struiwurksumheden dwaan. Fan 1 jannewaris 2018 ôf is dat fansels de gemeente Waadhoeke. Omrin is ferantwurdlik foar de bewaking (wannear moat der struid wurde) en koördinaasje (soargje dat struid wurdt as dat nedich is).Foar it part fan Littenseradiel dat nei Ljouwert giet, docht Omrin de struiwurksumheden. Ek docht sy dêr de bewaking en koördinaasje. Yn it part fan Littenseradiel dat nei Súdwest-Fryslân giet, docht Súdwest-Fryslân de bewaking en it struien. Waadhoeke, Ljouwert en Súdwest-Fryslân ynformearje elkoar oer de struiaksjes dy’t se dogge yn Littenseradiel.

Ek yn de nacht

Foarhinne  waard tusken 23.00 en 05.00 oere net struid. It kommend struiseizoen wurdt der struid fan 00.00 – 24.00 oere. Dat betsjut dat der ek yn de nacht struid wurdt as dat nedich is. Dat jildt foar alle trije gebieten.

Fragen over glêdensbestriding

Hawwe jo fragen oer glêdensbestriding? Sjoch dan op de websites fan Frentsjerteradiel foar Waadhoeke, of op dy fan Ljouwert of Súdwest-Fryslân. Telefoanysk kin ek: Frentsjerteradiel is berikber fia telefoannûmer 14 0517, Leeuwarden fia telefoannûmer 14 058 en Súdwest-Fryslân fia telefoannûmer 14 0515.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oerseting fan 'Glêdensbestriding struiseizoen 2017-2018'.