Glêshelder; glês yn de glêsbak! (07-09-2017)

Dit item is verlopen op 24-09-2017.

Ferpakkingsglês kin hieltyd op ‘e nij brûkt wurde sûnder ferlies fan kwaliteit. As glês goed op kleur skieden is, kin fan de glêsskerven op ‘e nije wyt (trochskinend), grien of brún glês makke wurde. Ungefear 60% fan de grûnstoffen dy’t produsinten brûke bestiet út ‘recycled’ glês. In kilo glês leveret ien kilo oan nij glês op en sparret dus grûnstoffen út.

Wat wol, wat net

It lid mei derop bliuwe en mooglike ynhâldsresten binne gjin probleem. As regel jildt: allinne ferpakkingsglês is bestimd foar de glêsbak. Sjoch op it etiket as jo twifelje. Sjogge jo it logo fan de glêsbak, dan is it glês geskikt foar de glêsbak. Oare soarten glês sa as bygelyks matglês, drinkglêzen en hittebestindich glês hearre net thús yn de glêsbak, mar yn it restôffal. Finsterglês fan ruten kinne jo ynleverje as bou- en sloopôffal op de miljeustrjitte.

Yn de glêsbak

Op ferskate plakken yn de gemeente fine jo glêsbakken. Hjir kinne jo it ferpakkingsglês ynleverje. Meastentiids wurdt frege it griene en wite glês te skieden, somtiden ek brún glês. Der steane ek glêsbakken op de miljeustrjitte.

Glêsbak Wommels

De gemeente hat klachten krigen oer de glêsbak by de Jumbo yn Wommels. Wy fersykje jo freonlik om glês, dat net troch de iepening fan de glêsbak past, net efter te litten. It komt nammentlik gauris foar dat dit glês stikken trape wurdt. Dit jout oerlêst, bygelyks lekke bannen.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Glêshelder; glês yn de glêsbak!'.