Handige tips foar it ferduorsumjen fan in histoarysk pân (31-08-2017)

Dit item is verlopen op 18-09-2017.
logo duurzaam bouwloket

As eigner fan in histoarysk pân steane jo foar in útdaging: hoe ferleegje jo de enerzjyrekken, ferbetterje jo it komfort en hâlde jo tagelyk rekkenskip mei de histoaryske wearde fan it pân? Duurzaam Bouwloket jout jo fiif handige tips.

Tip 1:   Earst besparje, dan opwekke

Wolle jo kosten besparje en enerzjysunich wenje? Begjin dan earst mei enerzjybesparjende maatregels foar’t jo sels duorsume enerzjy opwekke sille. De enerzje dy’t jo besparje hoege jo nammentlik ek net op te wekken. Dêrby is it rindemint en de weromfertsjintiid fan de measte enerzjebesparjende maatregels heger as de maatregels dy’t duorsume enerzjy opwekke.

Tip 2:   Maklik besparje mei lytse maatregels

Jo kinne op in protte ienfâldige wizen al rap enerzjy besparje. Begjin mei it tapassen fan lytse maatregels wêr’t jo gjin fergunning foar nedich hawwe, bygelyks:

  • Pleats enerzjysunige ferljochting. Troch jo gloeilampen te fervangen troch LED-lampen, besparje jo flink op jo elektrisiteitskosten.
  • Pleats radiatorfoly efter jo radiators. De foly beheind dat waarmte troch de muorre nei bûtendoar ferdwynt.
  • Hingje dikke gordinen op by ruten mei inkeld glês. Dikke gordinen kinne it waarmteferlies troch it rút mei 40% ferminderje.
  • Pleats tochtstrippen. Foarkom dat kâlde lucht jo wenning binnenkomt, troch tochtstrippen en/of tochtbannen te pleatsen by de bûtendoarren.

Tip 3:   Isolearje en fentilearje

Sille jo jo dak, flier of gevel isolearje? Hâld der dan rekkenskip mei dat jo goed fentilearje bliuwe. Dit is essinsjeel foar it behâld fan it gebou en it soarget foar in sûn binnendoarmiljeu foar jo as bewenner. Dogge jo dit net? Dan kinne der focht- of kondinsaasjeproblemen ûntstean, mei as gefolch skimmel, houtrot, roest en in ûngesûn binnendoarklimaat.

Tip 4:   Hâld rekkenskip mei de regels fan de Monumintensoarch

As jo fan doel binne om enerzjybesparjende maatregels ta te passen, dan binne jo bûn oan ekstra regels. Neffens de regels fan de Monumintensoarch binne der twa basisprinsipes wêr’t jo rekkenskip mei hâlde moatte:

  • De maatregels wêrmei jo enerzjy besparje wolle, feroarsaakje sa min mooglik skea oan it gebou en binne safolle as mooglik werom te draaien en fuort te heljen.
  • De brûkte materialen en konstruksjes passe by it histoaryske karakter fan it gebou.
  • Binne jo fan doel om maatregels ta te passen? Nim dan kontakt op mei de ôfdieling Fergunnings en Hanthavenjen, om te kontrolearjen wat de regels binne.

Tip 5:   Gean nei oft der subsydzje oanwêzich is

Foardat jo oan de slach geane, is it handich om nei te gean hokker subsydzjeregelings der lokaal, regionaal en lanlik beskikber binne. Fia de webside www.duurzaambouwloket.nl/subsidieregelingen kinne jo in enerzjysubsydzje-tsjek dwaan. It Duurzaam Bouwloket siket foar jo út hokker subsydzjeregelingen der beskikber binne.

Fragen?

Hawwe jo nei it lêzen fan de tips noch fragen en ferlet fan gratis ynformaasje en ûnôfhinklik advys? Sjoch dan op www.duurzaambouwloket.nl of nim kontakt op mei in ûnôfhinklik adviseur troch te mailen (info@duurzaambouwloket.nl) of te skiljen (072-743 39 56).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oerstting fan 'Handige tips foar it ferduorsumjen fan in histoarysk pân'.