Hegere jildprizen foar winners Rely Jorritsma(15-02-2017)

Dit item is verlopen op 03-03-2017.
Rely Jorritsma

Winners fan de Rely Jorritsma Priis wurde dit jier honorearre mei in jildbedrach fan € 1.000,00. Dat is gâns mear as de ôfrûne jierren it gefal west hat.

Foaral foar skriuwers fan winnende gedichten is de ferheging in stik bûter yn de brij. In winnend fers wie oant no ta goed foar in jildpriis fan € 200,00. Ek de ynstjoerders fan bekroande ferhalen gean der op foarút; de lêste jierren waarden hja beleane mei € 800,00. De ferheging hat te krijen mei it beslút fan it bestjoer de prizen foar ferzen en ferhalen lyk te lûken en mei de geunstige ûntwikkeling fan it Fûns, wêrút it prizejild betelle wurdt. “Dat kin it  oare jier wer oars wêze”, seit Johanneke Liemburg, dy’t as boargemaster fan Littenseradiel bestjoerslid is fan it Fûns.

Ynstjoering iepensteld

De ynstjoering foar de Rely Jorritsma Priis 2017 is no wer iepensteld. Yn ’e beneaming komme oarspronklike  gedichten en koarte ferhalen yn it Frysk. De ferhalen meie 2000 oant 5000 wurden telle en kinne ek ornearre wêze foar bern. De bydragen moatte ynstjoerd wêze foar 15 maaie.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer de Rely Jorritsma Priis (en de Junior Rely, foar bern tusken de 12 en 18 jier) fine jo op de webside fan de gemeente Littenseradiel (www.littenseradiel.nl).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Hegere jildprizen foar winners Rely Jorritsma'.