Himmelsjek: ekstra húshâldlike help ek beskikber yn 2017 (17-02-2017)

Dit item is verlopen op 29-05-2017.
logo's Súdwest-Fryslân en Littenseradiel

Ek dit jier kinne de ynwenners fan Littenseradiel en Súdwest-Fryslân gebrûk meitsje fan Himmelsjeks. Mei dizze sjeks kinne ynwenners ekstra húshâldlike help ynkeapje by in soarchoanbieder. In Himmelsjek kostet 5 euro en is yn te wikseljen foar ien oere húshâldlike help.

De Himmelsjeks binne beskikber foar:

  • Alle ynwenners dy’t soarch krije fia de Wet maatschappelijke ondersteuning (Wmo);
  • Ynwenners dy’t harren melde by it gebietstiim en gjin húshâldlike help krije kinne;
  • Mantelsoargers fan de twa groepen hjirboppe.

Mear ynformaasje

Sjoch foar mear ynformaasje op www.littenseradiel.nl of www.sudwestfryslan.nl (sykje op Himmelsjek).

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Himmelsjek: ekstra húshâldlike help ek beskikber yn 2017'.