Himmelwike: Grutte maitiidshimmel tsjin swalkôffal (17-02-2017)

Dit item is verlopen op 01-03-2017.

De gemeente Littenseradiel stiet fan 20 oant en mei 24 maart 2017 wer yn it teken fan it opromjen fan swalkôffal. Yn de Himmelwike leare bern hoe skealik swalkôffal is foar mins en miljeu en wat se dêr sels tsjin dwaan kinne.

Jierlikse aksje

Basisskoallen en ferienings út de Fryske gemeenten wêrûnder Littenseradiel, stride alle jierren tegearre mei Omrin tsjin swalkôffal.

Gratis teaterles

Skoallen yn Littenseradiel dy dit jier meidogge oan de Himmelwike kinne ek dit jier it programma útwreidzje mei in nije spesjale gratis teaterles oer swalkôffal.

Himmelwikebokaal

De skoalle of feriening dy’t yn ús gemeente it measte swalkôffal sammelt, wint de Himmelwikebokaal. CBS ‘De Reinbôge’ út Hilaard wûn yn 2016 de bokaal.

Mear ynformaasje

Alle basisskoallen yn Littenseradiel binne krektlyn útnoege om mei te dwaan oan de Himmelwike. Oanmelde kin oant 1 maart 2017. Sjoch foar mear ynformaasje, foto’s, nijsgjirrige weetsjes en lespakketten op www.himmelwike.nl of www.nederlandschoon.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Himmelwike: Grutte maitiidshimmel tsjin swalkôffal'.