Hoe wurket it fan 1 jannewaris ôf yn de nije gemeenten? (16-12-2017)

De wichtichste ynformaasje en feroarings kinne jo lêze op in tal spesjale siden dy’t op de gemeentesiden yn de Skille ferskynden. Jo kinne dizze siden downloade as pdf.

15 desimber – 31 desimber 2017

Fan 15 desimber 2017 ôf is it gemeentehûs yn Wommels ticht. Lês yn it artikel oer dy perioade op dizze website hoe’t jo jo dêrop tariede kinne. Freegje bygelyks op tiid in nij paspoart of rydbewiis oan. Ek kinne jo dêr lêze wêr’t jo terjochte kinne as it dochs nedich is.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Hoe wurket it fan 1 jannewaris ôf yn de nije gemeenten?'.