Keninklike ûnderskieding foar Paulus Zijlstra (05-12-2017)

Dit item is verlopen op 15-12-2017.

Paulus Zijlstra (67) is op freed 24 novimber 2017 beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. De hear Zijlstra set him al sûnt 1970 yn foar ferskate organisaasjes yn Easterlittens, lykas foar de fuotbalferiening en doarpsbelang. Ek wie hy foarsitter fan it Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) yn Easterlittens. Dat wie it earste CPO dat op dy wize in nijbouprojekt realisearre. It lintsje waard opspjelde troch boargemaster Johanneke Liemburg by in algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelang Easterlittens.

CPO Easterlittens

De hear Zijlstra wie fan 2008 oant 2017 foarsitter fan it Collectief Particulier Opdrachtgeverschap (CPO) yn Easterlittens. Hy hat him dêrmei ynset foar it realisearjen fan in útwreidingsplan foar ynwenners fan Easterlittens mei de namme ‘Boalserter Feart’ mei 11 wenten. Fiif famyljes namen yn 2009 it inisjatyf om sels nijbou te realisearjen. Dat is útgroeid ta in feriening mei 11 famyljes dy’t elk in eigen wente boud hawwe. De CPO-feriening yn Easterlittens wie de earste dy’t yn dizze foarm in nijbouprojekt realisearre.

Fuotbalferiening Easterlittens (VVO)

Ek de fuotbalferiening spilet in grutte rol yn it libben fan de hear Zijlstra. Fan 1970 oant 1982 wie hy trainer en fan 1982 oant 1994 wie hy foarsitter fan Voetbalvereniging Oosterlittens (VVO). Noch hieltyd is hy aktyf foar de feriening as lid fan de pr-kommisje.

Oare aktiviteiten

De hear Zijlstra wie dêrneist by in soad projekten en organisaasjes yn syn doarp Easterlittens belutsen. Sa wie hy bygelyks klusser by de bou fan Multyfunksjoneel Sintrum De Jister en regele hy letter by de ferbou fan De Jister de ynset fan frijwilligers. Fierder wie de hear Zijlstra fan 1995-200 bestjoerslid fan doarpsbelang. Sûnt 2015 is hy foarsitter fan de wurkgroep Multi Sport Arena. Op it âlde gravelfjild wurdt in multyfunksjonele sportakkommodaasje ûntwikkele, mei in keatsmuorre, pannakoai en skeelerbaan. Ek is hy frijwilliger by en foarsitter fan de Stichting Financiering verenigingen en instellingen Easterlittens (SFO), bygelyks mei it opheljen fan âld papier.

Utrikking by algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelang Easterlittens

De seremoanje wie by de algemiene ledegearkomste fan Doarpsbelang Easterlittens op 24 novimber 2017.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Keninklike ûnderskieding foar Paulus Zijlstra'.