Kenne jo immen dy’t in lintsje fertsjinnet? (12-06-2017)

Oeral yn Nederlân sette minsken harren yn foar ferskate doelen. Meastentiids yn alle beskiedenheid sûnder eigenbelang. Dizze minsken komme yn oanmerking foar in Keninklike ûnderskieding, krekt as immen oars mei bysûndere fertsjinsten foar de mienskip. Jo kinne dêrfoar soargje.

Wa komme yn oanmerking foar in lintsje?

It giet by de dekoraasjeferliening om bysûndere fertsjinsten of prestaasjes foar de maatskippij. Der is sprake fan dizze fertsjinsten as immen him/har foar in langere tiid foar de maatskippij ynspant hat, oaren stimulearre hat of ien of mear opfallende prestaasjes of wurksumheden levere hat, dy’t foar de maatskippij in bysûndere mearwearde hawwe.

Beropsmittich lintsje

Dekoraasjeferliening fan in beropsmjittige funksje is ek mooglik, mar allinne as datjinge wat immen yn it útoefenjen fan syn/har beropsmjittige funksje docht, dúdlik útgiet boppe it wurk wat der yn sa’n funksje ferwachte wurde mei. Boppedat moatte der bysûndere fertsjinsten yn de beropsmjittige funksje nei de maatskippij ta werkenber wêze en net allinne tsjinoer de wurkjouwer. Bysûndere oandacht wurdt der ek frege foar it foardragen fan froulju en fan persoanen ôfkomstich út minderheidsgroepen.

Tsjinje it foarstel op tiid ien

De behanneling fan in foarstel kostet nochal wat tiid. Dêrom is it fan belang om yntiids yn aksje te kommen. Is it de bedoeling dat de ûnderskieding by de Algemiene Gelegenheid, de saneamde “lintjesregen” foar Keningsdei, útrikt wurdt? De uterste datum foar it ynstoeren fan oanfragen foar 2018, is 1 july 2017. Foar in oanfraach oangeande in Bysûndere Gelegenheid (dat wol sizze ôfskied út bygelyks yn bestjoersfunksje) jildt in termyn fan op syn minst fiif moanne.

Wat bart der fierder mei jo foarstel?

De boargemaster bringt in advys út oer alle foarstellen. As dat advys posityf is, wurdt der ek in suggestje dien foar it soart en de hichte fan de ûnderskieding. Dêrnei jout de Kommissaris fan de Kening in oardiel. Dy stjoert it foarstel nei it “Kapittel voor de Civiele Orden”. Dit ûnôfhinklik kolleezje jout in swier weagjend advys oan de oanbelangjende minister. As de minister posityf beslút, wurdt de ûnderskieding by keninklik beslút ferliend. De boargemaster ynformearret jo oer de útkomst fan it foarstel.

Utrikking 2018

Om’t Littenseradiel fan 1 jannewaris 2018 ôf opheven wurdt, fynt de útrikking plak yn de nije gemeente fan dyjinge dy’t de ûnderskieding krijt.

Immen foarstelle?

As jo immen foarstelle wolle foar in Keninklike ûnderskieding, dan kinne jo kontakt opnimme mei mefrou D. Donker, tillefoannûmer (0515) 334408. Mear ynformaasje oer it oanfreegjen fan in Keninklike ûnderskieding kinne jo fine op de webside www.lintjes.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Kenne jo immen dy’t in lintsje fertsjinnet?'.