Lekker Fit! Fryslân fan start op De Earnewjuk yn Easterlittens(14-02-2017)

logo buurtsportwerk

Op 7 febrewaris 2017 is CBS De Earnewjuk yn Easterlittens begûn mei de lesmetoade Lekker Fit! Fryslân. De Earnewjuk is de alfde basisskoalle yn ús gemeente dy’t hjir oan meidocht. Itendeskundige Grietsje van der Sluis trape it projekt ôf mei in gastles oer sûn iten.

Wat is Lekker Fit! Fryslân?

Lekker Fit! Fryslân is in lesmetoade foar bern yn it basisûnderwiis. De lessen binne ûntwikkele om oergewicht en te min beweging previntyf te bestriden. Bewustwurding by bern en âlders is hurd nedich. Boartsjendewei dogge bern kennis op en wurde sy bewust fan harren eigen gedrach. Dit hat in posityf effekt op in sûne libbenswize. Neist de lesmetoade is der ek in gastles troch in diëtist en twa sportyntroduksjelessen troch in faklearkrêft bewegingsûnderwiis.

Gearwurking

Lekker Fit Fryslân wurdt mooglik makke troch Sport Fryslân, Friesland Zorgverzekeraar en Buertsportcoach Lammert Harkema.

Mear ynformaasje

Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Buertsportcoach Lammert Harkema fia 06 -13 16 91 52 of l.harkema@sportfryslan.nl.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Lekker Fit! Fryslân fan start op De Earnewjuk yn Easterlittens'.