Lêste wiken ynstjoeren bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk (20-09-2017)

Moandei 9 oktober slút de ynstjoertermyn foar artikels út doarpskranten of websides dy’t meidinge wolle nei de titel fan Bêste Fryske Doarpsjoernalistyk 2017. Doarpsskriuwers dy’t noch in moai Frysk stik op de planke lizzen hawwe, wurde oproppen om it no yn te stjoeren. Foar de trije bêste stikken binne jildprizen beskikber.

Fryske taal stimulearje

De gemeente siket nei de bêste Frysktalige bydrage dy’t yn it ôfrûne jier yn Littenseradiel yn in doarpskrante of op in doarpswebside stien hat. Hjirmei wol de gemeente Littenseradiel it brûken fan de Fryske taal stimulearje.

Prizejild

It prizejild fan € 500,00 wurdt ferdield oer de trije bêste Frysktalige stikken. Boargemaster Liemburg: “ Ien priiswinner docht gjin rocht oan de oare moaie Fryske stikken dy’t ferskine yn ús doarpskranten.” De winner fan de earste priis krijt in jildbedrach fan € 250,00, de twadde priis is € 150,00 en de tredde priis is € 100,00.

Priisútrikking

It gemeentebestjoer sil de prizen útrikke op it earste ôfskiedsfeest foar de ynwenners fan Littenseradiel op freed 8 desimber 2017.

Stikken ynstjoere

Om te bepalen wa’t de bêste Fryske bydrage oan de doarpssjoernalistyk skreaun hat, wurde de doarpskranten dy’t de gemeente op it gemeentehûs krijt, yn ‘e gaten hâlden. De gemeente ropt de skriuwers fan doarpskranten en –websides ek op om moaie Fryske stikken ûnder de oandacht te bringen foar dizze priis. It stik kin oant uterlik moandei 9 oktober 2017 ynstjoerd wurde nei tekstverwerking@littenseradiel.nl. Yn novimber wurde de stikken besjoen troch in sjuery.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Lêste wiken ynstjoeren bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk'.