Littenseradiel freget weryndielingsgemeenten nei omgean mei karakteristike pânen (17-07-2017)

De gemeente Littenseradiel hat in list makke fan pânen of objekten dy’t histoarysk weardefol binne. Se freegje de gemeenten dêr’t Littenseradiel aanst yn opgiet om kennis te nimmen fan dy list en wat sy dwaan sille mei de ynformaasje. Fansels wurde ek de eigners fan de pânen op de hichte brocht.

Skiednis en bewenners

Wethâlder Bram Bonnema: ”Dizze objekten fertelle wat oer ús skiednis en oer de bewenners en gebrûkers fan de gebouwen. Dat is tige de muoite wurdich. Om de objekten goed te beskermjen, moatte se eins de status fan gemeentlik monumint krije. Ik hoopje dat de nije gemeenten dêr wurk fan meitsje.”

Grut ferskaat

Yn septimber 2016 hat de gemeente Littenseradiel opdracht jûn oan Steunpunt Monumentenzorg om in list te meitsjen. Foar it útfieren fan dy opdracht is it Steunpunt Monumentenzorg útgien fan de besteande MIP-list (Monumenten Inventarisatie Project). De útkomst is in list mei 275 objekten. Dy objekten binne fan in grut ferskaat, it giet bygelyks om tsjerken, wenten of grêfmonuminten. De objekten fan de MIP-list binne oanfolle mei objekten fan de kultuerhistoaryske kaart (CHK) fan de provinsje Fryslân. Ryksmonuminten binne net meinaam yn dizze list.

Behâlde en yn stân hâlde

De pânen binne fotografearre en beoardield. Alle pânen en objekten hawwe in punteskoare krigen oan de hân fan de kritearia: romtlike byldwearde, arsjitektoanyske byldwearde, kultuerhistoaryske en monumintale wearde en streekhistoaryske wearde. As it pân of objekt in skoare hat fan heger as 19 punten, dan wurde se sjoen as sa weardefol dat yntegraal behâld foarop stean moatte soe. As it pân of objekt 15 oant 18 punten hat, dat is it arsjitektoanysk karakteristyk. Ek dan soe it haaddoel wêze moatte om it yn stân te hâlden. De tsjerke oan de Tsjerkebuorren 1 yn Winsum krige de heechste skoare: 23 punten.

Hoe fierder

De gemeente Littenseradiel sil gjin nij beleid mear opstelle. Dêrom sille se de weryndielingspartners de list tastjoere en freegje wat se mei de ynformaasje dwaan sille.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Littenseradiel freget weryndielingsgemeenten nei omgean mei karakteristike pânen'.