Littenseradiel jout sûne foarbyld mei Het Nationaal Schoolontbijt (08-11-2017)

Boargemaster Johanneke Liemburg en wethâlder Marja Reijndorp hawwe yn it ramt fan it Nationaal Schoolontbijt op tiisdei 7 novimber it moarnsmiel iten mei de bern fan groep 3 fan basisskoalle It Fûnemint yn Wommels. Boargemaster Liemburg sjocht mei wille werom op de bysûndere brochjemoetings.

Donaasje oan Jantje Beton

Boargemaster Liemburg betelle symboalysk foar it sûne “Schoolontbijt” mei in donaasje fan € 500,00 oan it Jeugdcultuurfonds, dit jier it goede doel fan “Het Nationaal Schoolontbijt”. It fûns wol alle bern de kâns jaan yn kontakt te kommen mei sport en kultuer.

‘Nationaal Schoolontbijt’

In protte bern slaan moarns it brochje oer of ite moarns net sûn. Krekt foar skoalbern is in sûn brochje de bêste start fan de dei. Yn de wike fan it Nationaal Schoolontbijt wurdt der dêrom oandacht foar frege. Under it iten fan it moarnsmiel mochten de bern alle mooglike fragen stelle oan de boargemaster.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Littenseradiel jout sûne foarbyld mei Het Nationaal Schoolontbijt'.