Littenseradiel siket nei âld-meiwurkers (12-10-2017)

De weryndieling fan Littenseradiel is net allinne foar de ynwenners in memorabel momint, mar ek foar de (âld-)meiwurkers. Om hjirby stil te stean organisearret de gemeente op 15 desimber 2017 in reüny fan 15.00 oant 17.45 oere.

Foar wa?

De reüny is foar elkenien dy’t tusken 1984 – doe’t Littenseradiel ûntstie by de fúzje fan Hennaarderadeel en Baarderadeel – en no by de gemeente wurke hat.

Oanmelde

De ôfrûne moannen ha wy dwaande west mei it sammeljen fan de adressen fan alle (âld) meiwurkers. As jo gjin útnûging krigen hawwe, dan kinne jo jo oanmelde fia communicatie@littenseradiel.nl. Yn de mail graach oanjaan op hokker ôfdieling jo wurke hawwe en yn hokker perioade.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Littenseradiel siket nei âld-meiwurkers'.