Littenseradiel slút 2016 ôf mei in oerskot fan 1,6 mln (17-07-2017)

De jierrekken 2016 fan de gemeente Littenseradiel lit in posityf resultaat sjen fan 1,6 miljoen euro. Dat komt benammen troch in posityf resultaat yn it sosjaal domein fan rom 1,2 miljoen euro.

Tefreden wethâlder

Wethâlder Bram Bonnema is tefreden mei it resultaat. ‘It lit sjen dat we ús húshâldboekje goed op oarder hawwe sa rjochting de weryndieling. Fansels komt in grut part troch it sosjaal domein, mar dêrneist fyn ik bygelyks ek de ferkeap fan boukavels in posityf punt.”

Sosjaal domein

It oerskot fan rom 1,2 miljoen euro yn it sosjaal domein is der û.o. troch dat der ôfrekkens dy’t geane oer it boekjier 2015,  yn 2016 as ynkomst ferantwurde binne. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stelt dêrom oan de gemeenteried foar om net it folsleine oerskot yn it sosjaal domein, mar in bedrach fan 760.00 euro ta te heakjen oan de reserve sosjaal domein. It oare part giet nei de algemiene bedriuwsreserve.

Boukavels

Yn 2016 binne 3 wenteboukavels (Boazum) en 4 bedriuwskavels (Easterein en Winsum) ferkocht. De ferkeap fan kavels ferrint dêrmei folle better as yn 2015. Dat biedt perspektyf. De gemeenteraad hat de jierrekken op 10 july 2017 bepraat.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Littenseradiel slút 2016 ôf mei in oerskot fan 1,6 mln'.