Medaljes foar rêders Age Amsterdam, Watze Piet Jorna en Peter Griepsma (28-11-2017)

Dit item is verlopen op 16-12-2017.

Boargemaster Johanneke Liemburg hat op moandei 27 novimber brûnzen medaljes fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen útrikt oan de trije rêders fan Sjoukje Bloem. Frou Bloem rekke op 3 maart 2017 mei har auto yn de feart lâns de N359 tusken Hilaard en Winsum. De hearen Amsterdam, Jorna en Griepsma hawwe har rêden fan de fertrinkingsdea.

Auto yn it wetter

Sjoukje Bloem (1977) fan Raerd (Dongeradiel) riid op 3 maart 2017 yn har auto oer de N359 fanút de rjochting Ljouwert nei Boalsert. Om 8.30 oere rekke sy tusken Hilaard en Winsum mei har auto fan de dyk en belâne yn de feart. De hear Amsterdam seach har auto yn it wetter lizzen en stoppe gelyk. Doe’t de hear Jorna him rinnen seach, is hy útstapt om tegearre mefrou Bloem út de auto te heljen. De hear Griepsma is dêrnei ek stoppe en doe’t hy by it wetter kaam, die bliken dat de earste twa passanten de auto amper hâlde koenen. De auto drige te sinken. Doe is hy ek it wetter yn gien om te helpen.

Brûnzen medaljes

Foar dizze died hat it bestjoer fan de Maatschappij tot Redding van Drenkelingen besletten brûnzen medaljes mei tsjûchskriften ta te kennen oan Age Amsterdam (1979) fan Hylpen, Watze Piet Jorna (1983) fan Wytgaard, en Peter Griepsma (1980) fan Ljouwert.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Medaljes foar rêders Age Amsterdam, Watze Piet Jorna en Peter Griepsma'.