Meikoarten ynskriuwe foar Timmerdoarp ‘De Klomp’ 2017! (16-05-2017)

logo buurtsportwerk

De tariedings foar it Timmerdoarp ‘De Klomp’ 2017 binne al yn folle gong. It evenemint fynt plak op woansdei 30 en tongersdei 31 augustus 2017 op it gersfjild by swimbad De Klomp yn Wommels.

Twa dagen seagje en timmerje!

Troch it sukses fan ferline jier is de wurkgroep fêstberieden om ek dit jier wer in fantastysk Timmerdoarp te organisearjen! Sitsto yn groep 5, 6, 7 of 8 en wennest yn de gemeente Littenseradiel? Doch dan mei op 30 en 31 augustus 2017 oan Timmerdoarp ‘De Klomp’! Twa dagen lang kinst seagje, timmerje, bouwe en de moaiste hut meitsje! Dêrneist wurde der ek leuke sport- en spulaktiviteiten organisearre.

Oanmelde

Oanmelde kin fan moandei 29 maaie ôf fia www.zwembaddeklomp.nl. As dyn heit, mem of oare fersoarger (minimaal 18 jier) ien of beide dagen helpen komt, hasto foarrang op in plakje. Wy hawwe nammentlik mar plak foar 75 bern! Nei oanmelding krijst mear ynformaasje.

Fragen?

Fragen? Nim kontakt op mei buertsportcoach Lammert Harkema, fia l.harkema@sportfryslan.nl of 06-13169152.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Meikoarten ynskriuwe foar Timmerdoarp ‘De Klomp’ 2017!'.