Meitsje it ynbrekkers net te maklik (26-07-2017)

logo politiekeurmerk Veilig Wonen

De simmerperioade is in tiid wêryn’t in protte ynbrekkers taslaan, omdat sy witte dat bewenners fan hûs binne of omdat sy in rút iepen stean sjogge.

Tips

Om in ynbraak foar te kommen is it wichtich dat bewenners dizze tips opfolgje:

Op fakânsje? Ljochtsje de buorlju yn

Fertel jo fertroude buorlju oer jo fakânsjeplannen. Sy kinne om jo wenning tinke en helpe dizze in bewenne yndruk te jaan. Troch de post fuort te heljen, de blommen wetter te jaan, de auto sa út en troch ris op' e reed te setten en in lampke oan te dwaan.

Oerdei der op út? Doar yn’t slot!

Ruten en doarren steane faker iepen mei it moaie waar. In ynslûper kin dan sûnder yn te brekken jo wenning ynkomme en der yn in pear minuten mei jo guod útnaaie. Doch jo ruten en doarren op slot; ek al binne jo mar hiel efkes nei de buorlju, om boadskipjen of efkes nei boppen om bygelyks de wask op te hingjen.Lis gjin kostberheden yn it sicht.

Belje 112 by fertochte sitewaasjes

Fertel jo buorlju dat sy by in fertochte sitewaasje (bygelyks lûden út jo wenning wylst jo der net binne ) gelyk de plysje fia tillefoannûmer 112, it nûmer foar spoed, skilje moatte. Rap alarm slaan, betsjut in gruttere kâns om de ynbrekkers te pakken.

Politiekeurmerk Veilig Wonen

Njonken dizze tips, bliuwt it fansels fan belang om te soargjen foar goedkard hang- en slútwurk op ruten en doarren. In goedkard slot foldocht oan de easken fan it Politiekeurmerk Veilig Wonen (PKVW) en werkenne jo oan it SKG-logo, 1, 2 as 3 stjerren en it ® teken. Freegje hjiroer advys oan in PKVW-bedriuw. Jo fine in list mei bedriuwen op www.politiekeurmerk.nl.

Mear ynformaasje

Sjoch foar ynformaasje oer de simmerkampanje, it Politiekeurmerk Veilig Wonen of mear previnsjetips op www.politiekeurmerk.nl/bewoner of www.politie.nl, tema Woninginbraak.

Nederlânske oersetting

Nederlânske oersetting fan 'Meitsje it ynbrekkers net te maklik'.